OER ÚS
In Mienskip mei Woartels,
Fleugels en in Dúdlike Stim.
Grut(sk) Fryslân is gjin organisaasje fan boppe-ôf, it is in beweging fan ûnderen op. Buorren, boeren, âlden, jongeren en alles dêrtuskenyn, ferbûn troch ien gefoel: leafde foar ús lân.
Wy leauwe dat de takomst makke wurdt yn 'e doarpen en stêden, oan keukenstafels en op merkpleinen. Net troch praatsjes, mar troch dwaan. Net troch ferdieling, mar troch ferbining.
Us missy is helder: it behâld en de fersterking fan de Fryske kultuer, taal en tradysjes en de frijheid om te libjen sa't wy dat sels wolle.
1
Suverens
In Fries stiet foar suverens.
Earlik yn hert en died,
sûnder skyn of falskens.
2
Wierheid
In Fries siket de wierheid.
Net it maklikste wurd,
mar dat wat écht en rjocht is.
3
Frijheid
In Fries waakt oer frijheid.
Dat elk minske frij wêze mei,
sûnder eangst of ûnderskie.