Wat is in Fries?

Gepubliceerd op 27 mei 2025 om 10:45

Wat is in Fries?

In protte minsken yn Fryslân wrakselje mei it Frysk wêzen. Wat is in Fries einliks? 

It is dreech om jin sels te ferklearjen. It bêste is nei it wurd Fries te sjen en dizze trochmidden te hakjen. Dus “Fri-es”. Yn it earste part lês je  ‘fri’. Hee, is dat net ús wurd frij? Yn it Skandinavysk skriuw je ús wurd ‘frij’ as ‘fri’. Yn it Ingelsk is de klank fan it wurd ‘free’ lyk oan it Skandinaviske ‘fri’. De measte wurden yn it Frysk mei in i-klank wurdt gau in ij-klank yn it Hollânsk.

Dan begripe je dat it wurd Fries de betsjutting hat fan ‘ien dy’t frij is’.
En dat mear as 2000 jier.

In Fries is frij. Ik bin in Fries, en  bin frij. Mar myn frijheid mei in oar harren frijheid net ynkringje. Oarsom jild itselde. Dat sjogge je ek oan it hâlden en kearen fan de Friezen. Dy geane frij hoeden mei inoar om. As je der alkohol ynjitte, wol dat wolris feroarje.

 


Reactie plaatsen

Reacties

Er zijn geen reacties geplaatst.