Der is eins gjin wurd foar.

Gepubliceerd op 12 mei 2026 om 21:21

Fryske fryheid, Dér is eins gjin wurd foar, dochs wurd der wol oer skreaun. It giet fjirder dan skrift of boeken die ôfslûtten wurde troch in foar en achterkaft. Ôfslûtten Troch in earste en lêste bladside.

Der is eins gjin wurd foar, mar der wurd wol oer praten en filesofearre. It giet fjirder dan de taal wer ast berne bist. Fjirder dyn regio en lânsgrênsen. Fjirder dan wurden die wy brûkke yn ûs gesprek, wurden die beperkt wurde troch de stramienen fan harre betsjutting.

Der is eins gjin wurd foar. Ek al kist der wol yn leauwe, is it gjin religie. In religie die beperkt wurd mei de grênsen fan harre hânlieding, bybel, koran, talmoed in boek mei in kaft. In earste en lêste blêdside. It giet fjirder dan de religie by dei ût de buurt.

Der is eins gjin wurd foar, ek al kist it wol sjen, hat it gjin foarm. Kist it wol fiele, mar net oanrijtsje. Ast neat dochst, is it der wol. It is dus net fysiek. Soest der wol neffens hannelje kinne.

Der is eins gjin wurd foar. It is folle meer dan wurden en dus systemen as demokraasje, sosjalisme, monarchie, politiek, natsjonalisme of dictatuur. Ek dit binne mar wer wurden die die begrênst binne troch harre betsjûtting. En ek net meer betsjûtte dan de waarde die wy der oan jouwe.

Der is eins gjin wurd foar. Kist it net in kleur jaan, dochs tekend it wol. Foar elsenien in leech doek ynfult troch perceptie? Of troch fertrouwen, fertrouwen dat we eins toch allegearre itselfde binne, wolle en Ja..... dat gene wer eins gjin wurd foar is.

Der is eins gjin wurd foar. It giet oer respekt, akseptaasje, begrip, beskeidenheid, fatsoen, Wardering, eigenwaarde, lûsterjen en praten. It giet oer lûd en stilte. Foart gean en thûs kommen. Oer Besef en ferandwurdelykheid. Foarby oan de grênsen fan âldseer en takomstige eangsten.

Der is eins gjin wurd foar. It is net yn te metseljen achter in moarre of tralies Hast der ek net leger foar nedich. Gjin wapens gjin plysje....... Gjin macht. It giet foarby oan macht. It giet oer '' gjin macht'' , it giet oer "gjin eangst'' ! It giet oer fertrouwen, oer wat je sjen wolle oer wat je sjen litte. Oer hannelje en oer net hannelje. Kist der ek net op tsjin weaze.

Der is eins gjin wurd foar, ek gjin ûtingen yn klean of mode kin weaze wat der bedoelt wurd. Selfs Fysieke neakendhyd is net genoch om it te ûtsjen. Ek dan binne je noch net neakend genoch.

Der is eins gjin wurd foar, Genoch boeken binne der oer skreaun, films makke en skilderijen skildere. Toch lit it sich net befange yn in wurd, boek of in doek. It lit sich selfs net befange yn de beperking fan in cultuur. It giet foarby oan goed en slecht. Foarby oan elke grêns die wy betocht ha en ekseptearje.

Der is eins gjin wurd foar, Ek al is't krekt as by in berne fan elk bern. Sûfer en ûnbefangen, giet it fjirder dan ûs skietnis. We ha it nedich yn de takomst.

Der is eins gjin wurd foar. Fryske fryheid in gemeenskappelik goed Sa ûnbegrênst en grutsk, dat it (miskien) wol yn elk minsk sit!!

Nico 8-5-'23

Reactie plaatsen

Reacties

Er zijn geen reacties geplaatst.